Bist op fideo by Ketlik is wolf, befêstiget saakkundige

Der is mooglik wer in wolf sjoen yn Fryslân. By Ketlik makke Gwynne Bakker in filmke fan it bist fanút har auto. Dêrop is te sjen dat it bist de dyk oerstekt. It soe dit jier de twadde waarnimming wêze yn Fryslân. Begjin jannewaris wie der in wolf te sjen op in wyldkamera fan It Fryske Gea yn de Alde Feanen.
Saakkundige Glenn Lelieveld fan de Zoogdiervereniging befêstiget dat it bist op it koarte filmke in wolf is, mar der wurdt noch ûndersyk dien om te sjen oft it wol om in autentyk filmke giet. Sa no en dan dûke der ek filmkes op dy't dat net binne.
Nei't yn april 2018 in tal skiep deabiten waarden by Boyl, kaam nei DNA-ûndersyk fêst te stean dat de wolf foar it earst yn ús provinsje aktyf wie. Foar safier bekend hat de soart him noch net fêstige yn Fryslân.

Deimen

Bisten dy't fee oanfalle, binne yn 'e regel op syk nei in nij leefgebiet. As se har ienkear fêstige ha, beheine se har meastentiids ta wyld, lykas reeën. Dy binne der in soad yn de omjouwing fan Ketlik. Dat jildt ek foar deimen, dêr't der sa'n 180 fan omrinne.
Der is al langer in diskusje oer it sjitten fan in tal fan dy deimen, omdat sy foar oerlêst soargje. Binnen de Faunabeheereenheid Fryslân is dêr lykwols gjin oerienstimming oer te krijen. Mooglik dat de wolf dêr no al wat yn betsjutte kin.

Stek praktysk en juridysk dreech

Undertusken wurdt ek folop diskusjearre oer de takomst fan de wolf yn Fryslân. In groep boeren hat it inisjatyf naam foar de oanlis fan in saneamd wolvestek om de soart te kearen. Juridysk en praktysk liket dat lykwols net óf hiel dreech út te fieren.
Earder hat in mearderheid fan benammen partijen oan de rjochterkant fan it politike spektrum har yn Provinsjale Steaten útsprutsen tsjin de komst fan de wolf. Mar fanwege de ynternasjonale beskerme status fan de wolf is dat net te dwaan, sizze saakkundigen.
In spesjale provinsjale wolvekommisje moat de komst fan de wolf dêrom begeliede troch ark, lykas spesjale wolverasters foar skieppehâlders op foarried klear te lizzen foar it gefal dat it nedich is.