UPDATE: Trambrêge op It Hearrenfean docht it wer

De Trambrêge yn it sintrum fan It Hearrenfean hat it snein in skoftke net dien, fanwege in steuring. De brêge oer de Hearresleat is in wichtige tagong ta it trein- en busstasjon fan It Hearrenfean.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Bussen moasten snein omride, dat dienen se oer de Terbantsterbrêge oan 'e ein fan de Fok.
De Trambrêge ferbynt de K.R. Poststrjitte mei de Trambaan.