De coronatiid pleaget Fryske mûneklups: "Mar de belangstelling bliuwt"

09 maaie 2021 - 12:28

It is snein Nationale Molendag, mar troch it coronafirus bliuwt it programma beheind. It hat ek gefolgen foar it oplieden, seit Hilke van Houten, mûnder en bestjoerslid fan it Gild Fryske Mounders. "Dy coronatiid pleaget ús no geweldich. Wy hawwe geregeld in lytse 40 minsken yn oplieding. Guon wolle hiel graach eksamen dwaan, mar dat is net mooglik. Want mûnen binne boppe-yn faak lyts en je moatte der dochs mei in groepke yn foar in eksamen."

In mûne by Aldegea - Foto: Shutterstock.com (edouhoekie)

Foarsitter Wiepke Schukken fan Stichting De Fryske Mole sjocht it probleem ek, mar ferwachtet wol dat it wer goedkomt. "It is spitich, mar je moatte der ek net rampsillich oer dwaan. Nei dizze tiid komt der wer in oare. De belangstelling bliuwt wol, dêr bin ik fan oertsjûge. Jonge minsken fine it geweldich dat sy stjoerman wurde op sa'n grutte mûne. Je binne baas oer dat grutte monumint."

"Der binne no in lytse 50 minsken dy't wol yn oplieding binne of wolle, mar it kin no net," jout Van Houten oan. En oplieding is wol nedich. "De measte mûnen draaie noch goed mei frijwilligers. Mar it hier fan de measte mûnders wurdt al wat grizer. Dus wy binne hieltyd dwaande om nije mûnders op te lieden."

It hier fan de measte mûnders wurdt al wat grizer. Dus wy binne hieltyd dwaande om nije mûnders op te lieden.

Hilke van Houten, mûnder en bestjoerslid fan it Gild Fryske Mounders

Schukken hat ek wol begryp foar de coronaregels en de gefolgen foar de Nationale Molendag. "It is spitich, mar wy binne net de iennigen dy't der troch rekke wurde. Aldergeloks kinne je se noch sjen litte fan de dyk ôf. Mar de taastbere dingen fan binnen, dat sit der efkes net yn."

QR-koaden

Stichting De Fryske Mole bestie op 28 desimber 2020 fyftich jier. "Yn it ramt fan ús jubileum hawwe wy it plan om by alle mûnen in boerd mei QR-koade del te setten. Sa kinne minsken mei de telefoan mear ynformaasje fine. Mar de realisaasje fan dy buorden wurdt ek rekke troch de coronaperikels."

Hilke van Houten (l) en Wiepke Schukken - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De stichting hat 42 mûnen yn behear, plus in restant fan in ôfbaarnde mûne. "Yn totaal binne der sa'n 120 mûnen yn Fryslân. Wy hawwe in soad mûnen krigen bûten de doarpen, bygelyks mûntsjes yn de wetterskipspolders. Dat hat ek de reden west dat de stichting oprjochte is om it behear oer te nimmen. Ea stie Fryslân fansels fol mei mûnen. Wy hawwe der drûge fuotten mei krigen en der waard ek in soad ambachtswurk troch mûnen dien."

Fertroud mei it fak

It doel fan it Gild Fryske Mounders is it yn stân hâlden fan it mûndersfak. "Wy hawwe 14 lesmûnen yn Fryslân mei learmasters. Je moatte it fak dochs wol goed leare en der fertroud mei wurde. De oplieding duorret ek op syn minst oardel jier. Dat is om't je dan ek meardere seizoenen meimeitsje."

De mûnders binne foar ús gouden minsken.

Foarsitter Wiepke Schukken fan Stichting De Fryske Mole

Yn it generaal stiet it der goed foar mei it Fryske mûnebestrân, jout Schukken oan. "In pear jier tebek hawwe wy de profesjonele monumintestatus krigen. Dy krigen je allinne as it der kwalitatyf goed foar stie. Mei tank oan oerheden, stichtingen en stipers kinne wy goed op ús mûnen passe. Wy binne mar wat wiis mei de mûnders dy't de mûnen draaie litte wolle. Want dat is ek it bêste foar it behâld fan de mûnen. De mûnders binne foar ús gouden minsken."

Dochs moat de stichting noch wol syn bêst dwaan om te lobbyen. "De minsken moatte wol wekker skodde wurde fan it belang. Wy moatte geregeld de barrikaden op. Wy ûntsoargje yn it behâld fan de mûnen. As wy it net dogge, dan is de oerheid ferantwurdlik. It binne Ryksmonuminten, dus de plicht is der ek om se te ûnderhâlden. It is geweldich dat wy al 50 jier op dy mûnen passe meie. Want it is besit fan de befolking. Wy binne yn tsjinst fan de mienskip."

Mûnderjen yn Goaiïngahuzen

Van Houten is sels mûnder op spinnekopmûne Heechhiem yn Goaiïngahuzen. "It mûnderjen sels kin wol trochgean bliuwe. Mar der meie gjin besikers wêze en net mear as twa mûnders op ien mûne tagelyk. Yn ús gefal is der mar ien nedich. En earlik: it is genietsjen. Ik krij oer it algemien net in hiel soad besite, mar der komme wol in hiel soad boatsjes del. Minsken stekke de hân yn 'e loft. It is in prachtplakje."

Spinnekopkes by Goaiïngahuzen - Foto: Shutterstock.com (Travel Telly)

Yn de mienskip is in soad each foar erfgoed, beslút Schukken. "Salang't dat der is, hawwe minsken der ek wat foar oer. Dat jout ús de plicht om der goed foar te soargjen. Wy moatte sunich wêze op it erfgoed."

Hilke van Houten en Wiepke Schukken yn 'Buro de Vries'

(Advertinsje)
(Advertinsje)