Bûtenpost presintearret plan foar 50 huzen njonken de iisbaan

09 maaie 2021 - 10:39

In groep ynwenners fan Bûtenpost hat by de gemeente in plan yntsjinne foar huzebou njonken de iisbaan yn it doarp. Dêr lizze twa stikken lânbougrûn. Ien dêrfan is fan de gemeente, it oare stik lân is fan ien fan de planmakkers sels. Der soe plak wêze foar 50 huzen.

Foto: Atze van der Ploeg

Yn Bûtenpost is grut ferlet fan nije wenten. It doarp stiet foaral te springen om apparteminten foar senioaren en om goedkeape startershuzen. By alle ideeën dy't der binne foar nijbou, is te min sjoen nei de lokaasje njonken de iisbaan, sizze de betinkers fan plan om dêr te bouwen.

It kolleezje fan Achtkarspelen presintearre goed in moanne lyn in konsept-wenningbouprogramma foar de gemeente. Foar de simmer wurdt in definityf plan fêststeld

Trefwurden: 
Bûtenpost huzebou
(Advertinsje)
(Advertinsje)