FIDEO: Tsjerketsjinst yn de Grutte Tsjerke fan Dokkum

09 maaie 2021 - 09:58

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein kaam de tsjinst fan 10.00 oere ôf út de Grutte Tsjerke yn Dokkum wei, fersoarge troch frije baptistegemeente Nehemia. De foargonger wie dûmny Kees Postma.

Der wie muzikale meiwurking mei sang fan Jonathan Scholtens en Bernadette Hoekstra, Machiel Keekstra op piano, Menko Kalsbeek op drum, Richard Kalsbeek op gitaar en Marten Schilstra op bas.

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst fan snein 9 maaie 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)