Jongerein klimt op plysjewein nei oerlêst yn Ljouwerter Rengerspark

De plysje fan Ljouwert krige sneontejûn in melding fan oerlêst troch jongelju yn it Rengerspark. Dêrom die de plysje in kontrôle. Ien fan de jongelju woe net fuortstjoerd wurde, klom op de plysjewein en begûn te dûnsjen en de plysjeminsken te misledigjen.
© ANP
De ynwenner fan Ljouwert is fanwege mislediging en baldadigens oanholden. De plysjewein rekke fierder net skansearre. De plysje hat in melding makke foar de oerlêst troch de jongerein.