De Bouma's bouwe troch yn Sambia: in ropping foar romhertigens

09 maaie 2021 - 08:50

Johannes Bouma fan Nijlân wist al op jonge leeftiid wat er woe: misjonaris wurde. As soan út in roomske húshâlding mei 13 bern, die er earst de pryster-oplieding en dêrnei folgen hast 25 jier as misjonaris-pryster yn Súd-Afrika. Yn 1993 ferhúze hy nei Sambia. Doe't er dêr besite krige fan fjouwer fan syn bruorren, ûntstie it idee foar de Stichting Bouwen met Bouma's. Al moast Johannes fiif jier lyn fanwege syn sûnens werom nei Nederlân, de stichting wurket noch altyd troch.

Foto: Stichting Bouwen met Bouma's

De stichting bout letterlik en figuerlik oan de takomst fan Sambia. It giet om it opsetten, finansierjen en it mei-útfieren fan bouprojekten, benammen rjochte op it ûnderwiis. Op it stuit leit de klam mear op it lokaal oplieden fan boufakkers, dy't sa hieltyd better, sûnder fysike stipe, projekten útfiere kinne. Dat kin noch in hiele put wêze, fertelt Herman Bouma, ien fan de bruorren. "Sy prate yn Sambia min Ingelsk en myn bruorren prate ek net allegearre goed Ingelsk. Hoe lizze je dan út wat je wolle? Mei hannen en fuotten."

Entûsjasme

Sûnt syn bestean hat de stichting al sa'n miljoen euro yn projekten ynvestearre, skat Bouma yn. Dochs is Bouwen met Bouma's mar in lytse stichting dy't it fan donaasjes hawwe moat. Koartlyn wiene sy yn it nijs doe't der 7.000 euro foar Bouwen met Bouma's ophelle waard mei kollekten by online-tsjerketsjinsten dy't Omrop Fryslân útstjoerde.

Herman Bouma - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Herman Bouma is der mar wat grutsk op. "Wy binne mar in gewoane, simpele famylje. Hoe hawwe wy dit foarinoar krigen? Dochs blykber it entûsjasme dêr't wy minsken mei benei komme. Sa giet it noch troch. Wy kinne noch hieltyd skoallen bouwe."

Leard om te dielen

It begûn allegearre by Herman syn broer Johannes. "Us mem hat 13 bern hân, hy wie nûmer trije. As lyts jonkje woe er al misjonaris wurde. Dat hat er altyd folholden. Hy is yn 1969 nei Afrika gien om misjonaris te wurden." In wichtich útgongspunt foar him, en letter foar syn bruorren, is it dielen. "Ik tink dat wy dat fan ús mem leard hawwe. Wy hawwe leard om te dielen mei 13 bern. Der wie altyd wol wat foar in oar. Ek al wie it in earmoedige tiid. Wy hawwe it hjir goed genôch, mar wy kinne it útpartsje. En it leafst mei minsken dy't it wat minder hawwe."

Bouwe as oantinken

Om 2006 hinne ûntstie it idee foar de stichting. Bouma: "Wy woene wol wat dwaan foar ús broer dy't yn Afrika wurket. Hy siet dêr doe al in jier as 40. Hy kaam om 2006 hinne nei Nederlân op fakânsje en ik helle him op fan Schiphol. Ik fertelde dat wy wat foar him bouwe woene, sa't der letter in oantinken oan him is. Dêr is it mei begûn."

Ferslachjouwer René Koster yn petear mei Herman Bouma

It giet de stichting net om minsken oer de streek te lûken yn it leauwen. "Foar my is it in minsklik útgongspunt. Ik bin roomsk grutbrocht, mar ik bin net fanatyk," fertelt Bouma. "Wy besykje minsken oer de streek te lûken om wat te learen. Dat is foar my misjonariswurk. Wat sy leare, dat makket net sa'n soad út. Mar dat sy de kennis brûke en trochjaan oan harren bern. Wy bouwe ek net foar tsjerken, allinne foar minsken."

It hat twa kanten, fynt Herman Bouma. "Faak wurdt der sein: it is in Gods hands. It is God syn wil. Mar as je no ris sels wat yn hannen namen. En it oanpakke. Jimme moatte bouwe. Wy helpe mei, mar jimme dogge it."

Foto: Stichting Bouwen met Bouma's

De sizzenskip leit dus ek yn hannen fan de lokale befolking yn Sambia. Neffens Bouma kin it somtiden noch wolris dreech wêze, om't sy dêr as wite minsken komme. "Sy neame my ek altyd boss. Dan sis ik: jonges, ik bin gjin boss. Mar dat sit der sa yn. Ik fyn it hiel ferfelend. Miskien fiele sy it net sa, mar it komt dochs wat te ticht by in koloniaal ferline. Dêr moatte wy ek om tinke, sy moatte de lieding hawwe. Net wy."

Grutskens

Johannes Bouma is yn novimber 90 jier wurden. "Hy is noch hiel skrander," seit syn broer Herman. "Je meitsje him neat wiis. Lichaamlik wurdt it minder, hy rint de Alvestêdetocht net mear. Mar efter de rollator komt er wol in eintsje."

De minsken yn Sambia hawwe neat. Mar sy binne ôfgryslik grutsk op wat sy hawwe. Dêr kinne wy sa'n foarbyld oan nimme.

Bou-koördinator Herman Bouma

Broer Herman giet noch wol nei Sambia, hy is der hast trije moannen yn it jier. "It is fantastysk om dêr te wêzen. De minsken binne hiel leuk. Folle mear bliid as dat wy binne. Hjir is it faak: myn buorman hat in moaiere auto of telefyzje. De minsken yn Sambia hawwe neat. Mar sy binne ôfgryslik grutsk op wat sy hawwe. Dêr kinne wy sa'n foarbyld oan nimme."

Mear ynformaasje oer Stichting Bouwen met Bouma's is te finen op www.bouwenmetboumas.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)