Boatsje ferlern gien by brân njonken de seedyk yn Wierum

09 maaie 2021 - 07:25

Op de Ternaarderwei yn Wierum is sneontejûn in boatsje op in trailer ferlern gien troch in brân. De brânwacht fan Ternaard waard krekt foar alven oproppen foar de brân. Mar doe't de brânwachtlju oankamen wie der al net folle mear te rêden fan it polyester boatsje. Dy stie op in trailer njonken de seedyk parkearre.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

De brânwacht hie it fjoer al gau út. Hoe't de brân ûntstean koe, hat de brânwacht net bekend makke.

Trefwurden: 
brân Wierum Ternaarderwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)