Johnny Jansen genietet fan basisdebút Syb van Ottele

08 maaie 2021 - 22:16

De 0-0 fan SC Hearrenfean tsjin FC Utrecht sil gjin wedstriid wêze dêr't in protte minsken oer jierren noch mei waarme gefoelens oan werom tinke. Foar middenfjilder Syb van Ottele is dat wol it gefal: hy stie foar it earst yn de basis by in earedifyzjewedstriid. "Je merkt wel dat ze kort op je huid zitten", seit er nei ôfrin.

Syb van Ottele oer syn basisdebút:

Ferline wike foel Van Ottele al yn tsjin PSV. En om't Rodney Kongolo tsjin Utrecht skorst wie, mocht Van Ottele no oan de ôftraap stean fan trainer Johnny Jansen. De middenfjilder is tefreden oer syn basisdebút. "Het was natuurlijk even wennen aan het tempo, want dat ligt hoger dan in de eerste divisie."

Hieltyd better yn de wedstriid

Dat fernaam Van Ottele direkt fanôf it begjin. "Utrecht zette goed druk op het middenveld. Dus ik moest een paar keer direct de bal terugkaatsen toen ik werd aangespeeld." Mar hy kaam hieltyd better yn de wedstriid. "Ik kon een paar keer een driehoekje met Floranus maken, waardoor we mooi verder konden voetballen. En een paar keer Mitchell (van Bergen, red.) weggestoken in de diepte."

Ik heb elke training laten zien dat ik ervoor wil vechten. Dat heeft ervoor gezorgd dat ik een basisplek heb gekregen.

Syb van Ottele

Van Ottele makke fan it winter de oerstap fan earstedifyzjonist NEC nei Hearrenfean. En sjoen nei syn optreden tsjin Utrecht, is it frjemd dat er net earder yn de basis stie. "We hebben veel wedstrijden kort achter elkaar gehad. Misschien dat ik me niet heel vaak kon laten zien aan de trainer", fermoedt Van Ottele. "Maar ik heb wel elke training laten zien dat ik ervoor wil vechten. Dat heeft er uiteindelijk voor gezorgd dat ik een basisplek heb gekregen. Nu hopen dat ik mag blijven staan."

Syb van Ottele - Foto: Orange Pictures

Dat hat Johnny Jansen foar it sizzen. De trainer wie yn alle gefallen ek tefreden oer syn middenfjilder: "Hij laat gewoon zien dat-ie goed kan voetballen. De laatste weken is hij echt aan de deur aan het kloppen. Dus dat doet-ie goed, daar geniet ik van."

Johnny Jansen oer it lykspul en oer Syb van Ottele:

Oer de wedstriid yn syn gehiel hat Jansen wat mingde gefoelens: "Ik vond ons in de eerste helft heel mat. Ik had meer initiatief verwacht. In de tweede helft ging dat beter, toen ging het enorm op en neer. Beide ploegen hebben kansen gehad."

Twa kear winne

Mei noch twa wedstriden te gean is Hearrenfean wol sa goed as útskeakele foar de play-offs om Europeesk fuotbal. De Friezen moatte fjouwer punten goedmeitsje op Sparta en Heracles. Mar Jansen wol safier noch net gean. "We hebben nog steeds kans. Voor ons geldt: we moeten tegen Emmen en Sparta gewoon winnen. En dan zien we het wel."

(Advertinsje)
(Advertinsje)