SC Hearrenfean sa goed as útskeakele foar play-offs nei lykspul tsjin Utrecht

08 maaie 2021 - 20:39

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn eigen hûs lykspile tsjin FC Utrecht. De ploegen kamen net fierder as 0-0. Hearrenfean is mei it lykspul no sa goed as útskeakele yn de striid om tickets foar Europeesk fuotbal.

Foto: Orange Pictures

De kânsen wiene yn in dweiltrochwiet Abe Lenstra Stadion seldsum. Pas yn de 24e minút krige Mitchell van Bergen de earste mooglikheid. De fleugeloanfaller koe de kopkâns lykwols net benutte. Ald-Cambuurspiler Sander van de Streek koe in pear minuten letter oan de oare kant frij ynkoppe, mar hy skampte de bal allinnich mar.

Op slach fan rêst makke Van de Streek hast de iepeningstreffer foar de besikers. It skot fan de middenfjilder kaam lykwols op de peal telâne. Doelman Erwin Mulder, dy't syn hûndertste wedstriid foar Hearrenfean keepte, koe dêrmei ferromme sykhelje.

Veermannetjes

Ek yn de twadde helte hie Van Bergen de earste kâns, mar syn skot gie krekt oer de goal fan keeper Eric Oelschlägel. Nei goed in oere wie Van de Streek wer tichteby. Diskear brocht Mulder mei syn foet sels noch krekt rêding.

Trainer Johnny Jansen brocht nei in lyts oere noch wol de twa 'Veermannetjes', mar ek dy koene gjin potten brekke. It twatal makken syn rentree nei't se in coronabesmetting oprûn hiene.

Van Bergen krige yn de slotfaze noch wol dé kâns op de winnende treffer, mar dat skot waard keard troch Oelschlägel.

Play-offs

Troch it lykspul is Hearrenfean no sa goed as útskeakele foar de play-offs om Europeesk fuotbal. De Friezen steane no op it alfde plak, mei fjouwer punten efterstân op de nûmer acht. Dat plak jout rjocht op in plak yn de play-offs.

SC Hearrenfean - FC Utrecht 0-0 (0-0): gjin doelpunten.

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus (56' J. Veerman), Van Hecke, Dresevic, Bochniewicz, Woudenberg; Van Ottele, Schöne (82' Hajal), Halilovic (71' Nygren); Van Bergen, De Jong (56' H. Veerman).

(Advertinsje)
(Advertinsje)