Bou sinnepark Toppenhuzen stillein nei fragen doarpsbelang en polityk

08 maaie 2021 - 22:17

It wurk oan in sinnepark by Toppenhuzen is stillein. It bedriuw Powerfield is dêr fan 'e wike úteinset mei it 'bouryp' meitsjen fan it park, mar de perioade om in sjenswize yn te tsjinjen rint noch. Der is dêrom ek noch gjin omjouwingsfergunning. It ropt fragen op by doarpsbelang en guon partijen yn de gemeenteried.

Foto: Hester Kornelis

It doarpsbelang fan Toppenhuzen en Twellingea hat begjin maaie yn har sjenwize witte litten dat der gjin draachflak is yn de doarpen foar it sinnepark. "We ha hiel dúdlik oanjûn: we stypje it net", seit foarsitter Luuk Westert. Doe't de ried der yn 2017 oer prate, stie doarpsbelang noch wol achter de plannen. "We wienen der net bliid mei, mar ek net tsjin."

Boete foar bestjoerders Powerfield

Dat feroare doe't yn 2018 twa bestjoerders fan Powerfield in boete krigen fan de Autoriteit Financiële Markten (AFM). Se hienen mei in oare ûndernimming obligaasjes oanbean sûnder goedkarring fan de AFM. Doe feroare it stânpunt fan it doarpsbelang.

Neffens Bertus Walsma fan Gemeentebelangen Totaal Lokaal is it nuver dat de gemeente net op de hichte wie fan it gebrek oan draachflak. Hy wol fan it kolleezje witte oft de gemeente de mail fan it doarpsbelang yn 2018 krigen hat, wêryn't sein wurdt dat der gjin draachflak is. Hy freget ek oan it kolleezje hoe't it kin dat Powerfield dizze wike begûn is mei it wurk, wylst de proseduere om beswier oan te tekenjen noch rint.

Je moatte wol 100% witte dat it fertroud is.

Tsjerk Bouwhuis fan de FNP

Tsjerk Bouwhuis fan de FNP hat deselde fragen. Syn partij makket him boppedat grutte soargen oer de betrouberheid fan Powerfield, fanwege de boete dy't de twa bestjoerders yn 2018 krigen ha. "It doarp soe yn it sinnepark partisipearje kinne", seit Bouwhuis. "Mar je moatte wol 100% witte dat it fertroud is."

Gokke op fergunning

Bouwhuis hat nei syn fragen in telefoantsje krigen fan wethâlder Erik Faber, seit er. Dy dielde mei dat it wurk stillein waard. Bouwhuis: "It skynt faker foar te kommen dat inisjatyfnimmers al fan start geane foardat de omjouwingsfergunning ferliend wurdt. Dan gokke se derop, want faak komt dy fergunning wol. Mar it liket nearne op en it heart ek net sa."

De bou is no dus stillein. Foarsitter Westert fan it doarpsbelang hopet dat de oanlis hielendal net mear trochgiet, mar is benaud dat de fergunning úteinlik wol ferliend wurdt. "Mar dat moatte we earst mar even ôfwachtsje."

Powerfield wie sneontejûn telefoanysk net berikber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)