Nyck de Vries is lieding yn Formule E-klassemint kwyt

08 maaie 2021 - 17:09

Autokoereur Nyck de Vries fan Snits is sneon yn Monako syn kopposysje yn de Formule E kwytrekke. Yn de sânde race fan it seizoen gong De Vries nei in minne kwalifikaasje pas as 23e fan start. Yn de race koe er gjin potten brekke. De Nederlanner Robin Frijns is no lieder yn it klassemint.

Nyck de Vries yn Monako - Foto: Orange Pictures

Op it strjittesirkwy fan Monako is it dreech om yn te heljen. Dat fernaam De Vries ek. Hy ried hast konstant op it 23e plak. Pas flak foar de ein wûn er in pear plakken, mar net genôch om yn de punten te kommen. Flak foar de ein foel De Vries sels út de race.

De winst yn de race gong nei titelferdigener António Félix da Costa. De Portugees gong yn de slotronde foarby Mitch Evans. De Nij-Seelanner waard úteinlik tredde, achter Robin Frijns.

De Vries no twadde yn klassemint

Net allinnich De Vries einige bûten de punten, datselde jildt foar de nûmers twa en trije (Stoffel Vandoorne en Sam Bird) fan it klassemint. Frijns hat no 62 punten en giet oan de lieding. De Vries stiet mei 57 punten twadde, Mitch Evans mei 54 tredde.

Pas op 19 en 20 juny binne de earstkommende races fan it Formule E-seizoen. Dan ride de elektryske auto's yn it Meksikaanse Puebla.

(Advertinsje)
(Advertinsje)