Snitser Bennie Tuinstra wint by debút yn Nederlânsk follybalteam: "Supergoed gevoel"

08 maaie 2021 - 16:16

Follyballer Bennie Tuinstra fan Snits is syn ynterlânkarriêre by Oranje freed begûn mei in oerwinning. Yn de EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Kroäsië waard mei 3-1 wûn. "Het was echt geweldig. Ik had niet verwacht dat het zo snel zou gebeuren, maar ik was superblij dat het zo goed ging", seit de 20-jierrige follyballer.

Foto: Orange Pictures

Tuinstra kaam der yn de twadde set yn. "Ik heb het vertrouwen van de coach niet beschaamd geloof ik. Het ging hartstikke goed", seit er. De Fries makke in soad punten. "Daarvoor sta ik ook in het veld. Om gewoon die ballen erin te rammen en als dat dan gebeurt geeft het een supergoed gevoel."

Giesen

Op syn achtste begûn Tuinstra by VC Snits. Fia Talentteam Papendal en in Frânske klup kaam hy by Lycurgus yn Grins telâne. Dêr spile hy de ôfrûne twa seizoenen. Yn it kommende seizoen makket de Fryske follyballer de oerstap nei it Dútske Giesen. "Ze spelen leuk mee en zitten in de middenmoot. We proberen volgend jaar naar de top vier te gaan met het nieuwe team."

Trije Snitsers

Neist Tuinstra sitte der noch twa Friezen by de Oranjeseleksje: Gijs van Solkema en Steven Ottevanger. "We hadden het er laatst nog over met zijn drieën. Het is toch wel echt bijzonder dat dat gebeurt. Fantastisch eigenlijk", seit Tuinstra.

Ottevanger wachtet noch wol op syn debút. Mooglik komt dy sneontejûn, want dan is de twadde wedstriid fan Oranje yn de EK-kwalifikaasjepûl. Sweden is dan de tsjinstanner.

Bennie Tuinstra oer syn debút

(Advertinsje)
(Advertinsje)