Tal nije besmettingen yn Fryslân en Nederlân boppe trochsneed

08 maaie 2021 - 15:29

Yn Fryslân binne oant 10.00 oere saterdeitemoarn 185 nije coronabesmettingen bykaam. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der tritich mear as freed, doe gie it om 155 nije besmettingen. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 171 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Dat gemiddelde oer sân dagen lei presys in wike lyn op 179. De trend giet dus omleech.

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (33). Dêrnei komme Súdwest-Fryslân en Smellingerlân mei elk 24 nije besmettingen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der wie wol ien nije sikehûsopname yn ús provinsje. Dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. It tal sikehûsopnamen yn Fryslân hat yn in jier tiid net sa heech west as de ôfrûne wike.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 7.521 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 7.363.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)