Theater Sneek stelt earste fakatuere iepen foar in bernedirekteur

08 maaie 2021 - 14:08

Theater Sneek is op syk nei in bernedirekteur. Dizze alderearste bernedirekteur moat helpe by it betinken en útfieren fan aktiviteiten om it teäter hinne. Bern út groep 7 en 8 fan de basisskoalle kinne in filmke ynstjoere om te sollisitearjen.

Theater Sneek - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De oanstelling is foar it seizoen 2021-2022. De bernedirekteur moat der ek op tasjen dat de belangen fan bern sa goed as mooglik behertige wurde yn it teäter. Op 5 juny moat de bernedirekteur bekend makke wurde op in iepen dei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)