Memmedei stiet foar de doar: soad fraach nei blommen

08 maaie 2021 - 13:10

Sûkelade, geurkes en blommen fleane dit wykein oer de toanbank, want snein is it memmedei. It liket wol as of memmen dit jier ekstra yn it sintsje set wurde, want der wurde hegere omsetten ferwachte as oars. Dat komt nei alle gedachten troch de lockdown. Foaral blommewinkels hawwe it smoardrok.

Snein is it memmedei:

By in blommewinkel yn Snits binne sneon tusken de middei al fyftich bosken mei blommen besoarge. En dochs wie it ferline jier nóch drokker, fertelt meiwurker Sandra. "Ferline jier wie it hiel gaoatysk, doe hiene wy trije besoargers fulltime oan it riden. No binne dat der twa. It wie krekt wat drokker, mar wy kleie net. It hat ek mei de lockdown te krijen, mar memmedei is gewoan in blommedei. Troch corona wurdt it miskien krekt wat mear om't minsken net altyd op besite kinne. Mar blommen hearre by memmedei."

Fraach en oanbod

Net allinne yn it filiaal yn Snits, mar ek by de winkel op It Hearrenfean is it drok. "Wy dogge it goed, dêr binne wy tankber foar. Minsken wolle aldergeloks noch wol wat útjaan oan moaie blommen. Minsken hawwe der wol wat jild foar oer. Blommen binne djoer, dat is gewoan sa. Der is net in soad oanbod, mar wol in soad fraach."

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferslachjouwer Wendy Kennedy yn Snits

Trefwurden: 
blommen Snits memmedei
(Advertinsje)
(Advertinsje)