As in blom iepen en ticht: Oerol wol Joop Mulder earje mei De Streken

08 maaie 2021 - 12:45

As earbetoan oan harren yn jannewaris ferstoarne oprichter Joop Mulder wol de organisaasje fan it Oerol-festival it keunstwurk De Streken weromhelje nei Skylge. Der is in aksje opset om ûnder de Vrienden van Oerol jild yn te sammeljen om it plan mooglik te meitsjen.

De Streken yn 2015 - Foto: Flickr.com (Sjaak Kempe)

De Streken giet oer in dialooch tusken keunst en lânskip. It foarme de basis foar de Sense of Place-ideeën. It wie Mulder syn dream om it in bliuwend plak oan de Waadkust te jaan. "De Streken is een werk van Marc van Vliet, een kunstenaar waar Joop veel mee samenwerkte. Dit werk heeft tijdens Oerol al twee keer eerder op Terschelling gestaan," seit algemien direkteur Siart Smit fan Oerol. It wurk is ûntwikkele yn 2015.

As in blom iepen en ticht

It giet om in houten bouwurk op it Waad. "Het is geïnspireerd op de windstreken, maar je zou het goed kunnen vergelijken met een bloem. Die bloem gaat open en dicht op de getijden en beweegt dus mee met hoog en laag water."

Mulder wie de lêste jierren sels al op syk nei in fêst plak. Smit: "Toen Joop onverwacht overleed zeiden we: hoe mooi zou het zijn als het nu een vaste plek krijgt als een eerbetoon voor Joop. Hij heeft tijdens zijn leven ook wel eens gezegd binnen de organisatie: als je mij wilt eren, doe het dan met werk."

Mei de hannen opbouwe

De bedoeling is om in fêste plak te regeljen yn de kommende fiif jier. "Bij elkaar hebben we ongeveer twee ton voor nodig. We zouden het kunstwerk het liefst wat aan de oostzijde zien, wat op het Waddengedeelte van het eiland. Op dit moment staat het in delen in een container. Dus het moet opnieuw worden opgebouwd, de bedoeling is door eilanders. Er moet eerst een loopbrug van 200 meter komen en dan het werk. Om geen impact op het Wad te hebben gaan we het met mankracht opbouwen."

Algemien direkteur Siart Smit fan Oerol

(Advertinsje)
(Advertinsje)