Skiermûntseach is yn 'e ban fan stroomkabels: 'Lêste wurd noch net sein'

08 maaie 2021 - 12:46

De striid tsjin de stroomkabel troch Skiermûntseach is yn it doarp op it eilân merkber. Sa hawwe ynwenners bygelyks posters foar de ruten hingjen mei de tekst 'Hier niet graven.' De plannen om in stroomkabel fan in wynpark op de Noardsee dwers troch it eastlike part fan it eilân te lizzen docht hast eltsenien sear. De wurkgroep Horizon Schiermonnikoog keart him bot tsjin de plannen. Ek boargemaster Ineke van Gent wol it net, salang't oare opsjes net goed ûndersocht binne.

It eilân is yn 'e besnijing fan de stroomkabel

Op it stuit lizze der twa mooglike rûten foar de stroomkabel op de tekentafel. De iene rûte wurdt de eastlike trasee neamd en giet om it eilân hinne. De oare rûte wurdt it westlike trasee neamd en dy giet troch Skiermûntseach hinne.

It ministearje fan Ekonomyske Saken en Tennet, dy't ferantwurdlik is foar de kabel, wolle graach dat de kabels by de westlike opsje del rinne, mar dêr is in soad protest fan natuerorganisaasjes, de regionale polityk en de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog.

Foto: Omrop Fryslân

Thom Verheul is as bewenner en aksjefierder is in petysje begûn dy't al mear as 18.000 kear tekene is. It binne net allinnich de minsken op Skier dy't ûngerêst binne. As de rûte troch it eilân giet, dan hat dat neffens Verheul gefolgen foar de ekologyske systemen. "De kabels gaan door hoge duinen. Als je dat zand weghaalt dat er al eeuwen ligt en ons beschermt bij storm, dan kun je dat nooit op dezelfde manier terugleggen. Het is net als een zandkasteel, als er water tegenaan komt stort het in elkaar", fertelt hy.

Thom Verheul fan de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog

De tsjinstanners hawwe sels ek saakkundigen rieplachte. "Zij verklaarden: let op, het is een uniek gebied, je maakt alles kapot en het is niet herstelbaar. Er zit een grote kolonie lepelaars en het gebied wordt heel kwetsbaar voor grote stormen. Door het graven van twee diepe kanalen voor de kabels verzwakken de bodem en de duinen. Met een flinke novemberstorm kun je een deel van het eiland verliezen."

Kanaal fan 50 meter breed

It giet ek om flinke kabels, seit Verheul. "Het zijn zware kabels van 24 centimeter breed, die acht meter diep moeten komen. Daarvoor moet een kanaal gegraven worden van 50 meter breed. Er komen daardoor twee hele zwakke plekken in de zeewering."

As de aksje net slagget, wol Verheul mei Natuurmonumenten en de Waadferiening nei de rjochter stappe.

Thom Verheul fan de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Neist dat der in stik fan it eilân weispiele kin, kinne bisten ek fersteurd wurde. Sa komt de kabel troch in gebiet dêr't leppelbekken en mokselbanken libje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)