HCL hopet dat buorden oarloch-stedskuier langer stean bliuwe meie

In gearwurking tusken Historisch Centrum Leeuwarden en Befrijingsfestival Fryslân hat derfoar soarge dat der op ferskate plakken yn Ljouwert grutte buorden pleats binne oer de Twadde Wrâldoarloch. It giet om in spesjale stedskuier. De bedoeling wie dat de buorden twa wiken stean bliuwe soene. "Mar wy hoopje eins dat der in ferlinging yn sit, dat de buorden noch wat langer stean bliuwe kinne," seit Klaas Zandberg fan it HCL.
© Bevrijdingsfestival Fryslân
It giet om libbensgrutte foto's: "Der steane 20 buorden yn de binnenstêd, je kinne oeral begjinne. It Befrijingfestival op 5 maaie hie fansels hiel oars moatten, mei in soad publyk en gidsen dy't minsken troch de stêd liede soene by plakken del dy't mei de oarloch te krijen hawwe. Mar ja: corona. Dus it plan is omsmiten, doe kamen wy út op in coronaproof idee. In rûte mei âlde foto's dêr't je in soad ynformaasje oan hingje kinne."

QR-koade

It is ek in ynteraktyf barren: mei de telefoan kinne je in QR-koade scanne om mear ynformaasje te finen. "Mar it kin ek op de webside fan it Befrijingsfestival. Der wurdt in soad gebrûk fan makke, seach ik. Mar it gie net allinne om de ferhalen: wy moasten ek moaie, sprekkende foto's fine."

Evakuaasjehospitaal

In ferhaal dat Zandberg sels rekke, hat te krijen mei it gebou dêr't er alle dagen wurket. "Dat gebou wie yn it earste healjier fan 1945 in hospitaal foar evakuees. Dêr binne hûnderten minsken opfongen. Dat hie ik sels net iens troch. Der binne ek net folle bylden fan. Mar der binne op syn minst seis minsken ferstoarn yn in romte dêr't ik alle dagen bin. Ien fan de tentoanstellingsromten. Dat fûn ik wol skokkend."
Klaas Zandberg fan Historisch Centrum Leeuwarden