Omrop TIP: Louis Godschalk fynt nije grûn yn Israel

08 maaie 2021 - 10:00

Louis Godschalk is as Amsterdamske lytse jonge yn 'e oarloch nei Fryslân smokkele. Hy oerlibbet, syn âlden net. Pas folle letter, as hy yn Israel wennet, fielt hy him thús. Yn Nije grûn, diel 4 fan de Fryslân DOK-searje Smokkelbern, it ferhaal fan Louis. Te sjen op 8 maaie by NPO2 en op 9 maaie by Omrop Fryslân.

Skearnegoutum

Louis Godschalk krijt ûnderdak by de famylje Oosterkamp-Rienstra yn Skearnegoutum. Nei de befrijing docht bliken dat syn Joadske âlden omkommen binne. De Rijkscommissie voor Oorlogspleegkinderen (OPK) beslút dat Louis it bêste yn Fryslân bliuwe kin. Joadske famylje wurdt ôfwiisd as pleechâlder.

Louis Godschalk op skoalle - Foto: Omrop Fryslân

Israel

Yn syn folwoeksen libben fielt Louis Godschalk hieltyd mear hinder fan de 'ontheemding' dy't in skaad leit oer syn identiteit. Hy freget him ôf: wa bin ik, wêr leit myn loyaliteit? Yn 1981 beslút Louis mei syn húshâlding definityf nei Israel te ferhúzjen. Dêr is er einlings thús.

Louis Godschalk - Foto: Omrop Fryslân

Opperrabbyn Raphael Evers

Yn dizze Fryslân DOK ek in ynterview mei Raphael Evers, opperrabbyn yn Düsseldorf. Syn mem is Bloeme Evers-Emden. Sy oerlibbe Auschwitz en waard letter in bekend psychologe yn Amsterdam. Yn 1992 organisearre sy yn de RAI de earste konferinsje foar ûnderdûkte Joadske bern.

Raphael Evers - Foto: Omrop Fryslân

Konferinsje mei lotgenoaten

Bloeme Evers-Emden ynterviewde de bern en begûn in grut ûndersyk nei harren emosjonele en psychologyske trauma's. Louis Godschalk is ien fan de dielnimmers oan de konferinsje. De moeting mei lotgenoaten is foar him in iepenbiering.

Bloeme Evers-Emden - Foto: Omrop Fryslân

Smokkelbern Fryslân DOK en podcast

De Fryslân DOK-searje Smokkelbern, besteande út fiif dokumintêres en in podcastsearje, fertelt it ferhaal fan de hûnderten Joadske bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch fan Amsterdam nei Fryslân smokkele binne.

Smokkelbern is in searje yn it ramt fan 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in projekt fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.

Projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK Smokkelbern diel 4: Nije grûn

  • Sneon 8 maaie NPO2 15.30 oere (werhelling 9 maaie 13.10 oere)
  • Snein 9 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK wurdt Nederlânsk ûndertitele. Mear ferhalen en ynterviews? Harkje nei Smokkelbern, de podcast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)