Plysje bekûgele mei stiennen nei mishanneling yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat freedtejûn grutte muoite hân om in groep jongelju oan te hâlden nei in fjochtpartij op de Tynjedyk. Krekt foar middernacht krige de plysje de melding, wêrnei't in 21-jierrige Ljouwerter op it plak sels oppakt wurde koe foar mishanneling en fernieling. Omstanners seine dat der ek noch in auto by de fjochtpartij belutsen wie, mar de ynsitters wurken net mei en bekûgelen de plysje mei stiennen.
© Shutterstock.com (zef art)
Doe't de plysje de trije ynsitters oanhâlde woene, waarden de plysjeminsken bekûgele mei stiennen. Ien fan de fertochten moast mei pepperspray tsjinholden wurde. Dat gie om in 22-jierrige Ljouwerter. De oare ynsitter wiene in 16-jierrich famke en in 22-jierrige man fan Ljouwert. Sy wurken dêrnei wol mei.
De fjouwer fertochten binne meinommen en de plysje docht ûndersyk nei de saak.