Rendert Algra yn It Polytburo: "Rutte is eins in streekje te fier"

08 maaie 2021 - 10:02

It CDA moat net meidwaan oan in nij kabinet ûnder lieding fan Mark Rutte. Dat fynt âld-CDA-Keamerlid Rendert Algra. Rutte is neffens Algra net de man dy't it fertrouwen yn de polityk werombringe kin. "Rutte is eins in streekje te fier."

Rutte is in streekje te fier, seit Rendert Algra:

Tagelyk sjocht Algra ek wol dat de VVD, as grutste partij, deroer giet wa't de nije premier wurdt. Hy tinkt dat syn CDA dêr dan ek wol wer akkoart mei gean sil.

Algra syn namme wurdt faak neamd yn relaasje ta partijgenoat Pieter Omtzigt. Beide manlju wurde sjoen as dwerslizzers, krityske Keamerleden dy't har faak net hâlde oan de fraksjedissipline en oars stimme. Algra die dat in pear kear, yn de tiid fan it kabinet Balkenende, en dat waard him net bepaald yn tank ôfnommen.

"Rendert, doe het niet"

Yn febrewaris 2003 stimde Algra foar in moasje, dy't sei dat asylsikers in ferbliuwsfergunning krije moasten as se langer as fiif jier wachten op de útslach fan in asyloanfraach. Syn fraksje stimde tsjin. "Je komme út in fraksjefergadering en omdat dy aardich útrûn wie, hie it frage-oerke al west", fertelt Algra dêroer. "Dus wy gongen út de fraksje rjochtstreeks nei de Keamer wêrby't we in kertier letter stimme moasten. Sels ien fan de kollega's hong my oan de foet: 'Rendert, doe het niet, Rendert, doe het niet'. Se gûlde deroer."

Polityk deafûnis

Op dat momint besefte Algra dat syn karriêre yn de lanlike polityk wolris oer wêze koe. "Ik ha mei myn frou belle en sein: as ik dit doch, dan is it aanst 'einde oefening', dit is in soart polityk deafûnis. En dat hat it ek west. Earlik is earlik, dat hat myn lanlike politike karriêre wol wat bekoarte, skat ik yn."

Rendert Algra oer syn "polityk deafûnis"

Yn 2005 kaam er opnij yn botsing mei syn kollega's. Doe gie it oer it registraasjesysteem fan orgaandonoaren. Der wie yn dy tiid in grut tekoart oan donoaren yn Nederlân, fertelt Algra. Hy wie derfoar dat minsken oanjoegen dat se net donor wêze woene. It systeem sa't it no is.

Prinsipieel

Syn partij hie hiel lang itselde stânpunt as him. "Dêr koe in mearderheid foar komme yn 2005. Ik siet dêr op 'e nij prinsipieel yn, ik wie al jierren donor en fûn ek dat it part minsken dat donor waard, fergrutte wurde moast. Mar in oantal fan de PvdA stimde oars, ek tsjin de fraksje yn. Oars hiene we mei de ChristenUnie, it CDA en tal fan oare partijen de mearderheid hân."

Ik kin mysels yn de spegel rjocht oansjen. Ik ha der gjin spyt fan.

Rendert Algra

Syn krityske hâlding tsjin partij én kabinet hat Algra dus úteinlik syn Haachske politike karriêre koste. Hy bedarre op in ûnferkiesber plak op de kandidatelist. In kampanje om mei foarkarstimmen wer yn de Twadde Keamer te kommen mislearre.

Dochs hat it alle striid wurdich west, fynt Algra. "Ik kin mysels yn de spegel rjocht oansjen. Ik ha der gjin spyt fan. Mar wol jammer, dat it druk jûn hat op myn lanlike politike karriêre." In pleister op de wûne is foar him ek dat syn beide stânpunten letter dochs, sa't er it sels seit, fersulvere binne.

Advys foar Omtzigt

Fanwege syn prinsipen en krityske blik is in parallel mei Pieter Omtzigt dus gau lutsen. Algra hat noch wol in advys foar syn partijgenoat fan no. "De rêch rjocht hâlde en dysels bliuwe. Want it is belangryk dat ien dy't in eigen stânpunt hat, yn dit gefal yn de Twadde Keamer as folksfertsjintwurdiger, autentyk bliuwt en by himsels bliuwt."

De rêch rjocht hâlde en dysels bliuwe, is it advys fan Algra oan Omtzigt:

Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast de aktuele tema's yn de polityk. Dizze kear siet steatelid Rendert Algra oan tafel. Sjoch hjir de folsleine útstjoering.

Trefwurden: 
It Polytburo Rendert Algra
(Advertinsje)
(Advertinsje)