Kollum: "Sensibiliseren"

08 maaie 2021 - 08:49

"As der ien wurd meidwaan sil oan wurd fan it jier 2021, moat it wol hast 'sensibiliseren' wêze. In wurd dat troch CDA-foaroanman Wopke Hoekstra útsprutsen waard doe't se it oer it hast iennichste lid fan de Twadde Keamer hienen dy't syn wurk goed docht, nammentlik Pieter Omtzigt.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

'Sensibiliseren.' Op it earste gesicht liket der net folle kwea yn dat wurd te sitten. Sa as safolle nijmoadrige wurden komt it fan oarsprong út it Ingelsk. To be sensible is letterlik oerset: ferstannich wêze. Yn it wurd 'sensibiliseren' is dêr in tiidwurd fan makke. Soargje dat immen ferstannich docht. Dêr komt it gefaar om de hoeke. Want wannear is immen ferstannich?

Wie Pieter Omtzigt yn syn krewearjen oangeande it grutste skandaal nei de oarloch, de taslagge-affêre, net ferstannich dwaande? Of wie er yn de eagen fan bygelyks demisjonêr premier Mark Rutte net ferstannich dwaande? Want dan hawwe je it oer in hiele gefaarlike kant oan it wurd 'sensibiliseren'. Dan wurdt 'sensibiliseren' net in troch de wet regele, mar troch de man oan de macht. Dy premier dy't lang oeral gjin aktyf oantinken oan hat, fynt dat Omtzigt net sensible dwaande is. Dus moat der út namme fan it hillige plús op him ynpraat wurde om him te sensibiliseren.

Yn it gefal fan Omtzigt betsjut dat ophâlde mei dyn goede wurk om de polityk te kontrolearjen en dy deljaan ûnder de besteande Haachske moares. Dus eins: de bek hâlde. Pieter. Do meist dan wol gelyk hawwe, dyn gelyk past ús hjir efkes net. Wês sensible en jou dy del.

Sjoch, en dan wurdt it echt, echt gefaarlik. Want dan is 'sensibiliseren' eins krekt itselde as weropfiede. Omdat de sittende macht it ferfelend fynt dat se stelselmjittich troch in gûnzjende stekmich lestich fallen wurdt. Dat weropfieden dogge se yn Sina mei hiele befolkingsgroepen. Ek dêr komme mar sporadysk echt krityske lûden oer nei bûten, want ja, dy aardige (ek Fryske) hannelsreiskes nei Sina moatte fansels wol wat trochgean. It is wol lestich hear, dy Oeigoeren, mar al te hurd op de trommel slaan soe wolris ekonomyske gefolgen hawwe kinne en dat moat fansels net.

Yn it gefal fan Pieter Omtzigt kinne je dat sa fertale: al te folle flaters fan de polityk nei boppen helje soe it oansjen fan de sittende macht wolris noch mear skeine kinne, dus wie it net mear as sensible om te besykjen him te 'sensibiliseren.' En wat docht it 'klootjesvolk': sy hawwe harren der al bydel jûn dat der in fjirde kabinet Rutte komt. De amtnerij en de polityk hawwe de rigen hast wer sletten, de Haachske moares sil ek dizze kear winne, let mar op. Alle leagens en flaters dy't Renske Leyten en Pieter Omtzigt nei it oerflak helle hawwe, binne foar de bühne in bytsje goed praat.

Nije polityk, Nij Liederskip en neitinke oer hoe't it no better (ferpakt wurde) kin de kommende tiid. It binne de bekende lege wurden, de holle frazen dêr't je de measte minsken wol wer in kabinetsperioade stil mei krije. Sjoch no wol, sy binne echt fan doel om it oars te dwaan en sa mear. Salvjende wurden, in moai gedicht nei Amerikaansk foarbyld.

Dat is, leave minsken, it 'sensibiliseren' fan it elektoraat. Fan jimme! Nije wyn yn âlde sekken. De wrâld op 'e kop. Freegje de dupearden yn de taslagge-affêre mar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)