Henk de Jong tefreden nei oerwinning: "Ik moat gjin foeterkont wêze"

08 maaie 2021 - 08:14

Trainer Henk de Jong is bliid mei de 1-0 tsjin FC Dordrecht. "Dizze klup jonges: eltse kear as it moat, dan binne sy der. Alle wedstriden dy't wy spile hawwe, sy binne der. Wy wiene folle better, mar ik fûn Dordrecht ek hiel goed spyljen," seit De Jong nei de wedstriid.

Henk de Jong

De Jong hat him foarholden om net te bot strang en iverich te wêzen. "Ik haw dizze wike ek tsjin de jonges sein: de trainer wurdt net wer lilk. Dan bin ik de iennichste dy't lilk is nei twa geweldige jierren. Ik bin fierstente fanatyk: it bloed streamt om te winnen. Dat moat ek, mar ik moat net de iennichste foeterkont wêze yn de hiele klup. Mar ik ferwachtsje wol dat wy de wedstriden winne. En dat dogge wy ek."

Skoare

Dy fokus bliuwt ek wichtich, fynt de trainer. "Wy hawwe alles wûn, feest op feest. En dan moatte je noch twa wedstriden. Mar je moatte it wol goed dwaan. Ferline wike hawwe wy dat dien tsjin De Graafschap. No hawwe wy wûn tsjin in goed Dordrecht. Sy diene it bêst aardich. Wy hawwe wol ús kânsen hân, dy moatte je ôfmeitsje. Je pakke wer trije punten: wy sitte no op 89."

Oan de oare kant hie der wol mear skoard wurde moatten: "As je tsjin de ûnderste spylje, dan moatte je gewoan de wedstriid winne. Wy moatte mear skoare."

Erik Schouten

Oer it generaal is ferdigener Erik Schouten tefreden oer de wedstriid. "We hebben ons best gedaan, veel druk gezet, veel balbezit, veel kansen gecreëerd en veel gelopen. Dus ik denk dat we het goed hebben gedaan. Misschien hadden we nog wat goaltjes extra moeten maken, maar uiteindelijk houd je de nul en win je gewoon."

Hy wol gewoan safolle mooglik punten helje, seit er. Mar dan moatte de goals wol makke wurde. En dat koste wol tiid. "Dat vonden wij achterin ook wel jammer, want dan blijft het toch nog spannend. En dan geef je nog een kans weg ook. Dat is zonde van de wedstrijd. Maar uiteindelijk hebben we de nul gehouden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)