Strân Ballum mei fan rjochter foarearst net ophege wurde

08 maaie 2021 - 07:18

It strân fan Ballum op It Amelân mei sneon net ophege wurde mei sân. Dat hat de rjochtbank Noard-Nederlân bepaald, yn in proseduere dy't oanspand wie troch de Faunabescherming. Dy is benaud dat it wurk fûgels dy't by it strân briede fersteure sil.

It Griene Strân fan It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De rjochtbank wol dat der earst in fergunning oanfrege wurdt foar it wurk en dat de provinsje dy oanfraach beoardielet neffens de jildende natuerwetjouwing.

It opheegjen fan it strân by Ballum foar it toeristeseizoen wurdt al in jier as tsien dien troch de Vrienden van Badstrand Ballum. Dy wiene fan doel dat ek sneon wer te dwaan.

Der hoegde fan de provinsje noait in fergunning foar it wurk oanfrege te wurden. Dat wurdt útfierd yn oerlis mei Rykswettersteat, de provinsje, FUMO en in pleatslike ekolooch.

Trefwurden: 
It Amelân strân Ballum
(Advertinsje)
(Advertinsje)