SC Cambuur pakt 28e oerwinning fan it seizoen mei winst op FC Dordrecht

SC Cambuur hat freedtejûn de 28e oerwinning fan dit seizoen pakt. De Ljouwerters wûnen de útwedstriid tsjin hikkesluter FC Dordrecht mei 1-0. It iennige doelpunt fan de wedstriid foel al yn de earste helte en waard makke troch Robert Mühren.
© Orange Pictures
Nei in rommelich begjin foar beide ploegen en wat miste kânsen, wie it Robert Mühren dy't Cambuur yn de 21e minút op foarsprong sette mei it fersulverjen fan in strafskop. Dy penalty krigen de Ljouwerters om't Giovanni Korte delhelle waard yn it 16-metergebiet troch Dordrecht-spiler Aktas. Doelman Van Herk siet yn de goede hoek, mar koe de bal fan Mühren net tsjinhâlde.
Koart dêrnei krige de thúsploech in grutte kâns, mar de bal gie neist it doel fan de Ljouwerters. Nei in hurde botsing tusken Kramer en Muringen waard it spul in skoftke stillein en wie it dêrnei even tsien tsjin tsien. Kramer koe fierder spylje, mar Muringen moast úteinlik blessearre it fjild ferlitte. Hy waard ferfongen troch Hobbel.
Yn de earste helte kamen der noch twa ekstra minuten by, mar dat feroare neat oan de 1-0 tuskenstân op it skoareboerd.

Gjin skerpte

Nei it skoft krige Cambuur noch in grutte kâns yn de 64e minút, mar it skot fan Michael Breij einige tsjin de peal fan it doel fan Van Herk. De skerpte miste by de spilers fan beide ploegen. Der waard net mear skoard en sa koene de Ljouwerters úteinlik de trije punten mei nei hûs nimme.
Troch de oerwinning stiet Cambuur no op 89 punten en bliuwt it lieder yn de fjirde perioade. It liket derop dat de Ljouwerters nei de kampioenstitel ek noch de lêste perioadetitel fan dit seizoen witte te pakken.
FC Dordrecht - SC Cambuur 0-1 (0-1): 0-1 21' Robert Mühren (penalty)
Opstelling SC Cambuur: Bos; Schmidt, Schouten, Kramer, Bangura; Breij, Paulissen, Maulun; Doodeman, Mühren, Korte.