Feanfroulju winne fan VV Alkmaar: Van Dijk en Van de Ven skoare yn de earste helte

Yn de twadde kompetysjewedstriid yn de B-pûl stie der freedtejûn foar de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean neat mear op it spul. Doch lieten se sjen wat se yn 'e marse hiene: tsjin VV Alkmaar waard it 2-1 foar Hearrenfean. De goals waarden makke troch Nikée van Dijk en Zoï van de Ven.
© Orange Pictures
Al nei 7 minuten kaam SC Hearrenfean op foarsprong. Nei't Van de Westeringh earst alris om 'e nocht besocht hie in goal te meitsjen, wie it Nikée van Dijk dy't de bal yn de touwen skopte. Se wiene noch mar krekt los, mar de 1-0 foar SC Hearrenfean stie al dúdlik op it skoareboerd.
Dat geloksmomintsje werhelle him yn de 30ste minút fan de wedstriid. Zoï van de Ven skeat in bal út in frije traap wei yn de goal, sadat it 2-0 waard foar SC Hearrenfean.
Yn de fjirtichste minút makke Roos van der Veen in oertrêding, dêr't sy in giele kaart foar krige. De frije traap dy't dêr efter weikaam oan de kant fan Alkmaar, soarge lykwols net foar driging foar de Feanster froulju. It bleau 2-0 en mei dy skoare giene beide ploegen it skoft yn.

Alkmaar komt mei de 2-1

Dochs bleau SC Hearrenfean net de hiele wedstriid lang de keninginne fan it fjild. Yn de 61ste minút makke Emmeke Henschen de 2-1 foar Alkmaar. Mar it soe wol by dat iene doelpunt bliuwe. Mei de oerwinning op VV Alkmaar bleaune de trije punten freedtejûn op It Hearrenfean.