Earste 'fytsrave' troch it sintrum fan Ljouwert lûkt sa'n hûndert demonstranten

Is it in demonstraasje of in fytsende houseparty? It evenemint 'Fiets voor je leven' luts freedtejûn sa'n hûndert leafhawwers nei it sintrum fan Ljouwert. Fleurich oanklaaid en mei fersierde fytsen hold it selskip in fytsende demonstraasje fan 8 kilometer troch de Fryske haadstêd om sa omtinken te freegjen foar de tanimmende mentale problemen by jongerein yn tiden fan corona. Dit ûnder begelieding fan stevige housebeats, ferspraat troch muzykboksen yn bakfytsen.
'Fytsrave' troch it sintrum fan Ljouwert
De organisaasje wiist derop dat de lêste tiid folle mear jongeren om help sykje by de jeugdhelp. De demonstraasje wie yn 't foar oanmeld by de gemeente en goedkard. Ferkearsbegelieders soargen derfoar dat ien en oar sûnder problemen ferrûn.
Der binne earder al fytsraves hâlden yn Utrecht, Amsterdam en Grins. Dit wykein is der yn tsien stêden in 'Fiets voor je leven'. Yn Ljouwert waard it evenemint foar it earst organisearre. "Jongeren sitte yn in sleur. Der is te min perspektyf foar harren", seit Diane Rienks fan de organisaasje.
Foar guon dielnimmers wie it evenemint dochs earder in rave as in demonstraasje. "Ik vind het heel mooi dat we dit weer kunnen doen. Dit is weer eens iets om naar uit te kijken", seit dielnimster Annemiek. "Zoiets is echt nodig om de corona-dip te doorbreken. Het gaat er mij om dat we elkaar weer kunnen zien. Ik wil dat we weer een samen-gevoel krijgen in plaats van mondkapjes en anderhalve meter afstand."
Dielnimmers oan 'Fiets voor je leven' by de start fan de demonstraasje © Omrop Fryslân
Diane Rienks fan de organisaasje