Judoka Natascha Ausma wint Grand Slam-sulver yn Ruslân

Natascha Ausma hat op de Grand Slam yn Kazan in sulveren medalje behelle yn de kategory oant 78 kilogram. De judoka fan Lippenhuzen ferlear yn de finale fan Anna Maria Wagner út Dútslân.
© ANP Foto
Ausma hie yn de earste ronde frijlotte. Yn de twadde ronde wie de mei in ippon te sterk foar Myriam-Sarah Mazouz. Yn de kwartfinale wûn de Friezinne fan de Dútske Luise Malzahn út te skeakeljen. Troch yn de heale finale Anastasiya Turchyn op ippon troch hâldgreep te ferslaan, kaam Ausma úteinlik yn de finale.
Op tongersdei behelle Sanne Vermeer fan Stiens in brûnzen medalje yn de kategory oant 63 kilogram.