De skoalle is ticht, mar 33 bern bouwe in eigen timmerdoarp op it skoalplein fan Terkaple

Op it skoalplein fan Terkaple binne 33 bern freed drok dwaande mei it bouwen fan hutten fan pallets. Alders út de doarpen Eagmaryp, Goaiïngaryp en Terkaple hawwe de 'timmerdriedaagse' organisearre om te stimulearjen dat bern en âlders inoar wer mear moetsje.
Trije dagen timmerje op it skoalplein fan Terkaple © Omrop Fryslân
Maaike van Prooijen fan de organisaasje
Sûnt de basisskoalle fan Terkaple ticht is, komme bern en âlders inoar folle minder tsjin. "De bern sitte no ferspraat oer skoallen yn Terherne en De Jouwer. Troch mei-inoar te timmerjen hoopje wy dat de bern inoar wer wat makliker fine", fertelt Maaike van Prooijen út Eagmaryp. "It mei-inoar boartsjen is minder fanselssprekkend as de bern inoar net mear tsjinkomme op skoalle."
Trije dagen timmerje yn Terkapje © Omrop Fryslân
Harkje nei de timmerjende bern
Van Prooijen hopet dat it leechsteande skoalgebou wer in funksje foar de mienskip krijt. Sneontemiddei om 14.00 oere moatte de hutten klear wêze en kinne de heiten en memmen en pakes en beppes út doarp in rûnlieding krije. It inisjatyf liket foar werhelling fetber. "Guon bern freegje no al oft we dit takommend jier wer dogge. Dit wurket echt hiel goed."