D66 Ljouwert stelt fragen oer demonstraasjes by abortusklinyk Grins

07 maaie 2021 - 17:30

Froulju út Ljouwert dy't nei de abortusklinyk yn Grins geane, moatte beskerme wurde tsjin demonstranten dêr. Dat fynt de fraksje fan D66 yn de gemeenteried fan Ljouwert. Dy fraksje stelt der fragen oer oan it kolleezje fan B&W fan Ljouwert.

Foto: ANP Foto

Yn Fryslân is gjin abortusklinyk, dus ynwenners fan de gemeente Ljouwert komme foar in abortus yn prinsipe altyd út by de klinyk yn Grins.

Demonstraasjes

De omjouwing fan de abortusklinyk is geregeld it toaniel fan demonstraasjes. Boargemaster Schuiling fan Grins nimt gjin maatregels, fanwegen it rjocht op demonstraasje.

D66 seit dat froulju lestichfallen of yntimidearre wurde en dat dat net ûnder dat rjocht falt. De fraksje wol dat B&W fan Ljouwert de kollega's yn Grins opropt maatregels te nimmen.

Oare plakken

It probleem spilet ek yn oare stêden mei in klinyk. "Het verschil is dat daar de burgemeester in ieder geval maatregels hebben genomen. Dus die hebben of een plek een paar honderd meter verderop aangewezen als demonstratieplek of die hebben een soort beschermende zone ingesteld", seit Julie Bruijnincx fan D66 Ljouwert.

Bruijnincx giet der fan út dat it kolleezje fan Ljouwert har fragen, nettsjinsteande dat it in oare gemeente oanbelanget, serieus nimt. "Ik kan me niet voorstellen dat het college van Leeuwarden wil dat het een onveilige situatie is om naar Groningen te gaan", sa seit Bruijnincx.

Julie Bruijnincx oer de fragen fan D66

Trefwurden: 
Ljouwert D66 abortusklinyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)