Weststellingwerf lûkt berop tsjin werstart gaswinning by Finkegea yn

07 maaie 2021 - 17:01

De gemeente Weststellingwerf hat it berop ynlutsen dat ynsteld wie tsjin de plannen fan gaswinbedriuw Vermilion om de winning by Finkegea wer op te pakken. Dat meldt de Rie fan Steat. De winning by Finkegea waard goed trije jier lyn stillein.

Foto: Lourens Looijenga

Vermilion komt mei in nij winningsplan omdat it bedriuw tinkt dat der gas wûn wurde kin sûnder dat de boaiem folle mear fersakket as de pear sintimeter dy't al foarsein wie.

Ferskate partijen tekenen beswier oan tsjin it winplan. Mar de minister fan Ekonomyske Saken hat dy ôfwiisd. Neffens de advokaat fan de gemeente Weststellingwerf hat it gjin doel om dêr noch tsjin yn berop te gean. Ek de gemeente Steenwijkerland hat it berop ynlutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)