Fryske wolkomstbuorden by gemeentehûs Bûtenpost ûntbleate

Besikers fan it gemeentehûs yn Bûtenpost wurde tenei yn it Frysk ferwolkomme. Deputearre Sietske Poepjes, wethâlder Max de Haan en boargemaster Oebele Brouwer ûntbleaten freedtemiddei de nije Fryske buorden by de haadyngong.
De Fryske taal is al op meardere plakken yn Achtkarspelen sichtber, mar dat koe better neffens de gemeente en de provinsje. "Troch it pleatsen fan de buorden by it gemeentehûs litte wy oan besikers en ús personiel sjen dat wy de Fryske taal wichtich fine", neffens wethâlder De Haan.

Twatalige gemeente

Achtkarspelen is lykwols wol in twatalige gemeente. Is it dan net nuver dat der allinne mar Fryske wolkomstbuorden by it gemeentehûs steane? "Dat liket wol sa, mar ik tink dat it wol wat tafalt", seit De Haan. "De measte minsken dy't hjir komme, witte wêr't it gemeentehûs is. En oars fine se it ek wol, hear."
De provinsje Fryslân stipet de Frysktalige buorden by it gemeentehûs yn Bûtenpost en hat dêr subsydzje foar frijmakke.
Ferslachjouwer Mats Gies wie by de ûntbleating
© Koos Scherjon, RTV NOF