Boek oer 'Kampioensouders': 'Wat is de ynfloed fan âlden op harren bern?'

07 maaie 2021 - 16:09

De trijedûbelde salto fan Epke Zonderland, de ultime race fan Suzanne Schulting of de gouden medaljes fan Pieter van den Hoogenband, Dorian van Rijsselberghe en Ireen Wüst; it binne mominten út de Nederlânske sportskiednis dy't leafhawwers dreame kinne. No is der ek in boek, Kampioensouders, mei dêryn de ferhalen fan de âlders efter dizze topsporters.

It ferhaal fan skriuwster Harmke van der Werf sels is ek bysûnder:

It boek is freedtemiddei presintearre yn it Olympysk stadion yn Amsterdam. Foar skriuwster Harmke van der Werf út Rien wie it gjin jierrenlange dream om skriuwster te wurden. Troch in ûngelok by it beklimmen fan de berg Kilimanjaro yn Afrika moast se fiif jier lyn it roer omsmite. "Ik ha dêr harsenskea by oprûn wêrtroch't ik myn wurk, ik stie foar de klasse, net mear dwaan koe. It skriuwen kin ik op eigen tempo dwaan, dat slagget wol."

'Wat geef je je dochter mee'

Yn it boek komme de âlders fan ûnder oare Epke Zonderland, Edwin van der Sar, Ireen Wüst en Suzanne Schulting oan it wurd. Foar Jan en Hanny Schulting wie it boek in moai momint om rêstich werom te sjen op de prestaasjes fan harren dochter. "Hoe wij die carrière van Suzanne beleven, daarin is bijna geen ruimte om dat te doen. Het komt zo dichtbij, het is zo intens. Ik ben ook heel benieuwd naar de verhalen van de andere ouders."

Foar Schulting wie it ek in momint om op syn eigen libben werom te sjen: "Ik ben zelf ook vanaf mijn twintigste in de topsport actief geweest. Dus je gaat ook nadenken over wat je zelf van je ouders hebt meegekregen, en wat je zelf hebt meegegeven aan je eigen dochters. In die zin ben ik Harmke daar wel dankbaar voor."

'Mear as je sport of wurk'

Ek Van der Werf helle út de petearen mei âlders in les foar harsels: "Ik leau dat it de âlders fan Epke wiene dy't seine, in sporter is folle mear as syn sport. Krekt as oare minsken, dy binne ek mear as harren wurk. Foar my betsjutte dat, dat ik folle mear wie as ien dy't foar de klasse stie doe't ik dat net mear koe. We binne allegearre safolle mear as ús sport of ús wurk."

Neffens Van der Werf is it paad nei sukses eins folle wichtiger as it sukses sels. "Dat fyn ik ek by mysels. It boek, dat leit der no. Mar it ferhaal fan hoe't it boek ta stân kaam is, dat seit folle mear oer my as it úteinlike resultaat."

"Elke sporter is mear dan syn of har prestaasje"

(Advertinsje)
(Advertinsje)