Tal nije coronabesmettingen ôfnommen, gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

07 maaie 2021 - 15:32

Yn Fryslân binne der oant freed 10.00 oere 155 nije coronabesmettingen bykaam. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 7 minder as tongersdei, doe waarden der 162 nije besmettingen meld. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 169 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (30). Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 21 nije besmettingen en dy wurdt folge troch De Fryske Marren mei 20.

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der wienen ek gjin nije sikehûsopnamen yn ús provinsje.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne freed 7.575 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 7.133.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)