Freedsmerk: "Wy sjogge eins allinnich noch nei Netflix en Disney"

07 maaie 2021 - 15:11

Telefyzjeprogramma's as Radar, Andere Tijden, Opsporing Verzocht en Het Familiediner stean ûnder druk en moatte mooglik sels ferdwine. Dat komt om't de NPO (Nederlandse Publieke Omroep) him mear op sjoggers ûnder de 50 rjochtsje wol. "Dat hat gjin doel. Netflix en Disney ha de slach al lang wûn. Alderwetsk telefyzje sjen, dat dogge jongeren net mear!" Dit soarte reaksjes kamen der in soad op de Ljouwerter freedsmerk doe't we dêr nei fernamen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Twa 30'ers wiene dúdlik: "Wij kijken eigenlijk nooit meer TV sinds Netflix. Alleen nog de Formule 1 en zelfs dat is niet te zien bij de NPO. Als je je op het jongere publiek wilt richten, moet je echt wel met hele creatieve ideeën komen, want er zijn voor deze groep al zo veel alternatieven!"

In oare man fertelde dat er thús fiif jongeren ûnder de 20 hat: "Die ben je sowieso kwijt, Die kijken nooit TV. Zelf raak ik trouwens ook wel wat uitgekeken op de gewone TV. Daar is tegenwoordig zoveel lulligheid op..."

De poelier fertelde dat er mar nei ien programma sjocht: Goede tijden, Slechte tijden. "Mar dat komt ek om't de froulju dat kastke mei de knopkes hawwe..." In heit en mem mei jonge bern blieken ek benammen programma's ôf te nimmen fan Disney en Netflix. "Ik wol ek net mear ferplichte wêze om in programma op in fêste momint te sjen."

In oar heakke dêr noch oan ta dat je by sa'n abonnee-kanaal ien kear in fêst bedrach yn 'e moanne betelje en dan fierder fan de reklame ôf binne, neat mear hoege op te nimmen en alles sjen kinne wannear't it jo út komt. "Als de NPO zoiets invoert kan het misschien weer jongeren aan zich binden."

Freedsmerk: Moat de telefyzjewrâld him mear rjochtsje op jongerein?

Trefwurden: 
freedsmerk publike omrop tv NPO
(Advertinsje)
(Advertinsje)