Ien fan de twa 'Veermannetjes' werom by SC Hearrenfean, mar wol op de bank

07 maaie 2021 - 14:53

Oanfierder Henk Veerman sit sneon wer by de seleksje as SC Hearrenfean it opnimt tsjin FC Utrecht. De Volendammer is wer opknapt fan it coronafirus en hat tongersdei en freed wer mei de groep meitraind. Dat jildt wierskynlik noch net foar syn doarpsgenoat en carpoolmaat Joey Veerman. Dy mei wol wer nei bûten, mar hat freed noch te hege wearden fan corona en mei noch net meitraine mei syn ploechgenoaten.

Henk Veerman trainde freed foar de twadde kear mei de groep mei

"Ja, het gaat eigenlijk een week alweer erg goed. Het is nu optrainen en hopen op speelminuten", fertelt Henk Veerman. Twaenheale wike lyn waard de spits wekker mei koarts, mar in soad lêst hat hy der net fan hân. "Dezelfde ochtend knapte ik eigenlijk weer wat op. Na vijf dagen mocht ik weer hardlopen. Dus dat waren gezellige uurtjes met de looptrainer. Deze week ben ik met Joey het veld op geweest, dus we hebben onze training wel gehad."

Thús fan de bank ôf moast Veerman tasjen dat Hearrenfean in strieminne wedstriid spile tsjin PEC Zwolle, mar dat in wike letter goed partij bean waard oan nûmer twa PSV. "Zwolle was niet goed, maar als je ziet hoe de ploeg zich herstelt tegen PSV is dat gewoon heel erg goed. Dan hoop ik dat we deze lijn kunnen doortrekken."

Henk Veerman

De ynsetberheid fan de 'Veermannetjes' is ek dizze wike ûnderwerp fan petear yn it Abe Lenstra Stadion. De klup moast wachtsje oant de restwearden fan corona leech genôch wiene. Dat jildt dus foar Henk wol, mar foar Joey noch net. Dochs hopet trainer Johnny Jansen dat neist Henk ek Joey noch oanheakje kin foar it duel mei FC Utrecht. Yn de basis begjinne dogge se lykwols noch net. "Hoe je het ook wendt of keert, het doet altijd wat met je. Ze hebben wel voor hunzelf getraind, dus ze zijn altijd wel bezig geweest. Dus het is niet zo dat ze fysiek gezien een enorme terugslag hebben gehad."

Basisdebút Van Ottele

Rodney Kongolo is skoarst en ûntbrekt yn elk gefal yn de wedstriid tsjin FC Utrecht. Hy sil ferfongen wurde troch Syb van Ottele, fertelt Jansen. "Hij gaat zijn basisdebuut maken." Sil Hearrenfean tsjin FC Utrecht krekt as ferline wike tsjin PSV yn in 5-3-2-systeem spylje? "Dat behoort tot de mogelijkheden. We gaan niet alles overhoop gooien. Misschien zal er nog een variant op bedacht worden of dat we andere spelers gebruiken."

Johnny Jansen

De wedstriid tusken SC Hearrenfean en FC Utrecht begjint sneontejûn om kertier foar sânen. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio yn in ekstra sportprogramma, dat begjint om healweis sânen. It kommentaar út it Abe Lenstra Stadion wei komt fan Roelof de Vries.

Play-offs

SC Hearrenfean spilet noch tsjin FC Utrecht, FC Emmen en Sparta. Om meidwaan te meien oan de play-offs om Europeesk fuotbal moatte de Feansters by de earste acht einigje. De efterstân op dat achtste plak, dêr't Heracles Almelo no stiet, is fjouwer punten. Dochs leaut Henk Veerman der noch wol yn dat syn ploech de play-offs helje kin. "Ik denk dat wij nog een redelijk goed schema krijgen ten opzichte van andere ploegen, dus ik geloof daar nog wel in."

Datselde jildt foar Jansen, al beseft de trainer wol dat syn ploech him gjin misstap mear permittearje kin. "Je moet deze drie potten winnen. Als er een verliespartij tussen zit, ga je het niet halen."

Foto: Orange Pictures
(Advertinsje)
(Advertinsje)