Frysk ferieningslibben leit op syn gat: 'wike fan de feriening' moat tij keare

It Fryske ferieningslibben leit op syn gat sûnt de útbraak fan it coronafirus. Ferieningen ferlieze sels leden om't se harren net in soad biede kinne. Sport Fryslân sjocht dy ûntwikkeling ek en wol it tij keare. Dêrop hawwe se 'de wike fan de feriening' betocht.
'Wike fan de feriening' moat tij keare
It persintaazje minsken dat sport by in feriening lei yn maart fan it ferline jier noch op 21 persint. Yntusken is dat sakke oant sechstjin persint.

Doarren iepen

"De grutte fraach is, bin ik dy as feriening kwyt? Of bin ik dy as feriening foar efkes kwyt, om't we by de feriening minder of hielendal neat kinne?", freget Anne Jochum de Vries, foarsitter fan Sport Fryslân, him ôf.
De foarsitter hopet op dat lêste en wol mei 'de wike fan de feriening' dy leden wer weromhelje nei de klups. "We wolle eins in wike lang it ferieningslibben sintraal stelle. De doarren iepengoaie. Alles sjen litte wat der te belibjen falt yn in doarp, yn in wyk of yn in stêd", seit De Vries.
"Yn it doarp soarget it ferieningslibben foar bining en fitaliteit. Dat is wêr't dit oer giet. Wy wolle dêrom hiel graach de leden behâlde by de feriening", leit hy út.

Gearwurking

Sport Fryslân wurket foar it plan gear mei Keunstwurk en Doarpswurk, dêrneist hawwe se kontakt socht mei de Provinsje. "De provinsje fynt dat in prachtich moai plan. We wurkje no tegearre oan in fierdere útwurking", seit De Vries.
'De wike fan de feriening' moat plakhawwe oan it ein fan de simmerfakânsje. "Foardat de sporten wer oppakt wurde, dan moat alles wer even iepengoaid wurde", sa seit De Vries. "In nij seizoen, in nij begjin. Wer werom. We dogge it wer mei inoar."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
By fuotbalferiening Zeerobben yn Harns binne se wiis mei it inisjatyf. "Je wolle hiel graach dat elkenien weromkomt as it wer kin", seit foarsitter Johannes Woudstra. "We ha in goede bining mei de leden allinnich, je kin se net in soad biede." It ledetal is aardich oerein bleaun. Benammen ek om't de jeugdôfdieling it goed docht.
Dat sjogge se ek by de hockeyferiening yn Harns. "In feriening bin je mei syn allen. We ha mei frijwilligers it kluphûs opknapt en geregeld in online jûn organisearre. Mei in kwis of in sponsorgearkomste. Mar, je wolle gewoan dat dwaan wêr't je mienskiplike passy leit: in hockeywedstriid spylje."
Dat kin foarearst noch net. It is al slagge de trainingen foar de âldere leden op te starten. Rienks: "Us trainers ha hiel kreatyf west en de leden kinne binnen de regels wer oan de slach. Dan ha je de earste stap wer set. Dat helpt by it binen."
Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân