Jild foar ûndersyk hegeskoallen nei kwetsberens âlderein

07 maaie 2021 - 13:49

Hegeskoalle NHL Stenden, de Hanzehogeschool, UMCG en it RIVM krije 150.000 euro foar ûndersyk nei kwetsberens by âlderen yn de coronapandemy. Der is ferlet fan kennis oer de effekten fan de pandemy op de lichaamlike, psychyske en sosjale kwetsberens by thúswenjende âlderen yn de trije noardlike provinsjes.

Foto: Shutterstock

It ûndersyk is der op rjochte om oanbefellingen te leverjen om yn de takomst better yn te spyljen op negative effekten fan de coronapandemy by âlderein.

Yn it ûndersyk wurde ûnder oaren gegevens brûkt út it mearjierrige Lifelines-ûndersyk. Alderein, professionals en beliedsmakkers yn de soarch wurde belutsen by it ûndersyk. Ut earste resultaten fan it Lifelines-ûndersyk kaam nei foaren dat ien op de acht âlderen yn de earste golf kwetsber wie. Benammen op sosjaal mêd.

De subsydzje komt fan it Regio-orgaan SIA. Dat is in gearwurkingsferbân dat ûndersyk by hegeskoallen stimulearje wol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)