GGD: Mear besmettingen by jongeren nei ôfskaffen jûnsklok

07 maaie 2021 - 12:29

It oantal coronabesmettingen by jongeren is tanaam nei it ôfskaffen fan de jûnsklok. Dat meldt de Fryske GGD. "We hearre dat minsken no, mei it ein yn sicht, en de jûnsklok der ôf, mear feestjes organisearje", seit direkteur Margreet de Graaf fan de Fryske GGD.

Foto: ANP

De Graaf neamt de feestjes 'gefaarlik'. "Minsken tinke: foarich jier ha ik de jierdei net fierd, dat wol ik no wol. Mar dat is echt gefaarlik. Stel dat noch even út oant nei de simmer."

Wylst yn de kategory 18-30 it tal besmettingen oprûn, is it totale oantal nije besmettingen omleech gien. Neffens de GGD wol dat net sizze dat der sprake is fan in delgeande trend.

De sifers kinne fertekene wêze, trochdat der yn fakânsjewiken minder minsken binne dy't har teste litte. Allinne al by bern yn de basisskoalleleeftiid binne der dizze wike 40 persint minder testen dien. Boppedat wie der in steuring by it oanmelden fan testen.

De GGD meldt dat de besmettingssifers goed sjen litte dat it faksinearjen effekt hat. Under 75-plussers is it oantal positive tests sûnt de pyk yn jannewaris mei sa'n 70 persint ôfnaam.

Mear nijs oer it coronafirus is te finen op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
GGD coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)