Fryske GGD wol minsken dy't prik misten opsykje mei grutte bus

07 maaie 2021 - 12:01

De Fryske GGD wol mei in grutte bus by minsken delride dy't gjin faksinaasje helle ha, wylst se dêr wol in útnûging foar krigen. Neffens de GGD binne de opkomstsifers leger op plakken dêr't minsken langer ûnderweis binne foardat se in prik helje kinne.

Foto: ANP

De bus is yn earste ynstânsje bedoeld foar 65-plussers, en komt te stean op plakken dêr't relatyf in protte âlderen noch gjin gehoar jûn ha oan de faksinaasje-útnûging. Neffens de GGD kinne dat gebieten achterôf wêze, of wiken dêr't in protte minsken gjin eigen ferfier ha.

De GGD hat as útgongspunt dat minsken net langer as in healoere ûnderweis binne om in prik te heljen. Der binne no acht plakken yn Fryslân dêr't faksinearre wurdt. Dat giet om Ljouwert, Drachten, Snits, It Hearrenfean, Frjentsjer, Dokkum, Appelskea en Koudum.

"Dochs fernimme we dat der hjir en dêr behoefte is oan ekstra mooglikheden om faksinearre te wurden', seit faksinaasjebaas Nils van Mourik fan de Fryske GGD. "Mei dizze bus hoopje we in noch gruttere groep ynwenners te betsjinjen mei in faksin."

Der kinne alle dagen sa'n 100 minsken in prik krije yn de bus. Ein maaie soe de bus ride moatte.

Trefwurden: 
bus GGD faksinaasje coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)