Minsken wolle op fakânsje yn eigen lân, 'mar leaver nei Grinslân as nei Fryslân'

07 maaie 2021 - 12:35

De kâns bestiet dat it kabinet nije wike beslút dat reizen nei it bûtenlân wer tastien wurde, mar sels dan kieze de measte Nederlanners foar in simmerfakânsje yn eigen lân. Dat blykt út ûndersyk fan in marketingburo.

Publyk op it Starteilân - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

As se freegje nei de favorite fakânsjebestimming, stiet Fryslân bepaald net boppe-oan. Sels Grinslân is populêrder. Fan alle provinsjes dy't neamd wurde, stiet Fryslân op it achtste plak. Allinne Oerisel stiet der noch ûnder.

De provinsjes Flevolân, Súd-Hollân en Utrecht wurde hielendal net neamd, yn de top 100 fan favorite fakânsjebestimmingen. Yn dy top 100 stiet Fryslân op plak 25.

Albert Hendriks, dy't de Fryske toerismesektor goed ken, seit dat minsken Fryslân goed witte te finen. Hy is de direkteur fan it toerismeburo Friesland Holland. "Gewoan in reisoanbieder, krekt as Corendon en Tui, mar wy biede allinne reizen oan nei Fryslân."

Hendriks herkent him net yn it úndersyk. "Wy ha no al in tredde binnen fan de omset fan ferline jier. En dat wie ek al in topjier. En it is no al folle drokker as doe. Oaren meitsje in protte reklame. Miskien hoege wy dat ek hielendal net."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma praat mei Albert Hendriks op in parkearplak yn Snits

(Advertinsje)
(Advertinsje)