Bestjoerder ferwûne nei oanriding mei trein op bewaakte oerwei by Harns

07 maaie 2021 - 12:53

De bestjoerder fan in auto is ferwûne rekke by in oanriding mei in trein, op in bewaakte spoarwei-oergong by Harns. Dat meldt de plysje. De bestjoerder soe troch de slachbomen hinne riden wêze, doe't de trein der oan kaam. Op bylden lykje de slachbomen net skansearre te wêzen.

Bylden fan de sitewaasje yn Harns

De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle. It is net dúdlik hoe't it slachtoffer der oan ta is. Neffens de plysje is it slachtoffer nei it sikehûs brocht.

De minsken yn de trein soene mei de skrik frij kaam wêze. Se binne mei in bus fierder ferfierd.

Troch de oanriding is der gjin treinferkear mooglik tusken de stasjons fan Dronryp en Harns-Haven. Dat meldt ferfiersbedriuw Arriva. Passazjiers wurde mei bussen ferfierd.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok, ûnder oare troch foto's te meitsjen mei in drone.

Trefwurden: 
Harns trein spoarwei-oergong
(Advertinsje)
(Advertinsje)