Kollum: "Betinkingsdei"

07 maaie 2021 - 07:02

"Tiisdei sieten wy foar de deadebetinking en ek al makket it alle kearen yndruk, dochs sjoch ik it programma net altyd hielendal út. De útstjoering wie wer in formeel barren mei blommekrânsen, foardrachten en wichtige en steatlike minsken dy't dreech seagen. Mar dizze kear bleau ik al hingjen en dat kaam troch André van Duin.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

It is fansels ek net de bedoeling dat sa'n betinking feestlik of gesellich is mar meastal fyn ik it wat ôfstanlik op de ien as oare manier. De minsken dy't dizze kear út namme fan in famyljelid wat seine, bleaune net mear as bylden op in grut skerm. Wylst it wol hiele persoanlike ferhalen wiene, kamen de wurden net streekrjocht yn myn hert telâne. Mar doe't André begûn te praten, die dat wol wat mei my en it like wol oft de steatlike minsken ek oandien wiene.

Syn persoanlike ferhaal brocht in soad emoasje tewei en de krêft siet him foar my benammen yn de rêstige manier fan fertellen. It wie net in foardracht fan immen mei in útstrutsen gesicht dy't de blik op ûneinich hat en it wie ek net oerdreaun emosjoneel. Der wie neat dat my ôflate fan syn ferhaal. Syn oantinkens giene oer in oarloch dy't de measten fan ús har net mear heuge kinne, mar dochs brocht er it nei it hjir en no.

Jelle sjocht wolris nei dokumintêren oer de oarloch en as ik dêr tafallich in stikje fan meikrij, dan begryp ik wier net hoe't it sa fier komme koe en minsken ta sokke wrede dingen yn steat west ha. Films as Schindler's List hoech ik ek net alle jierren op 'e nij te sjen om te begripen hoe freeslik it west hat. Yn myn belibbing is oarloch komplete waansin, eat dat noait wer barre mei.

Dochs rekket it lizzen fan in pear krânsen my net hiel bot, mar in ferhaal as dat fan André dus wol. En wat my ek rekke hat, wie de útstjoering op de Omrop oer al dy smokkelbern dy't yn Fryslân in plakje fûn ha. 'We kinne der noch wol ien by ha'; fan allinnich dy pear wurden sjit ik al fol. Ik ha sa'n bewûndering foar elkenien dy't doe mei gefaar foar eigen libben in oar holpen hat, hielendal foar wa't dy Joadske bern in feilich plak en in twadde thús jûn ha.

Samar in frjemd bern yn 'e hûs helje is yn myn eagen in heldedied, mar tagelyk sit efter al dy heldedieden in tragysk ferhaal. Myn hert brekt as ik tink oan al dy heiten en memmen dy't doe har eigen bern oan in wyldfrjemde mei jûn ha, mar dat guon pleechâlden de bern wer ôfstean moasten wie ek net bêst. It is goed dat hjir oandacht oan bestege wurdt en der binne no noch minsken dy't it neifertelle kinne. It makket in djippe yndruk op my, lykas de grutte foto's dy't hjir en dêr op gevels stean, fan de bern doe't se lyts wiene.

Al hoe freeslik it ek west hat, de minsklike ferhalen hâlde dizze skiednis yn libben en jouwe my ek moed. It binne de ljochtpunten yn in swarte perioade en it is moai om te witten dat yn sokke barre tiden de leafde foar in oar in soad ellinde oerwint! Ik tink dat elkenien hjir wol wat fan leare kin en ik hoopje dat der no noch minsken binne dy't der wol ien by ha kinne, mocht it sa fier komme. Mar dêr gean ik leaver net fan út en dêrom ha wy sokke programma's en ferhalen sa as dy fan André nedich op én by betinkingsdei."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)