Ferfolch op LF2018: Kuierjend bosk moat grutte publykslûker wurde

07 maaie 2021 - 08:01

Oer presys in jier begjint in miny-edysje fan Kulturele Haadstêd. It ferfolch op LF2018 hjit Arcadia. It grutste projekt is in kuierjend bosk fan mear as tûzen echte beammen.

Kuierjend bosk moat grutte publykslûker Arcadia wurde

Sjoerd Bootsma, artistyk lieder Arcadia

Der bart noch folle mear, yn dizze hûndert dagen. Sa sil der in wiidweidich poadiumkeunsteprogramma wêze en in projekt oer de iisbanen yn de doarpen.

"De ijsbanen in de dorpen liggen er in de winter treurig bij: met water en geen ijs. Als er ijs ligt is dit hét symbool voor de Fryske mienskip", seit Bootsma. Hy wol minsken útnûgje om mei eigen projekten te kommen dy't te krijen hawwe mei de leefberens yn de doarpen.

In oar ûnderdiel is "Paradys" dat plakfine sil by Oranjewâld. Ynternasjonale byldzjend keunstners wurde frege om hjiroan mei te wurkjen.

Foto: Arcadia

Arcadia duorret hûndert dagen: fan 7 maaie oant 14 augustus. Yn dizze perioade kuieret it libjende bosk stadichoan troch Ljouwert. De organisaasje ferwachtet dat tsjin dy tiid it âlde normaal wer werom is, al hawwe se der yn de plannen wol rekken mei holden dat it coronaproof kin: de takomst bliuwt ûnwis.

By it bosk wurdt in hiel programma organisearre: fan poadiumkeunst oant edukaasje. "Het levende bos zal de hele publieke ruimte een groene 'vibe' geven en daarmee de mensen laten voelen hoe het ook kan zijn."

"Het gaat over natuur en klimaat, maar ook over hoe je als mensen in publieke ruimtes meer samen kunt zijn", seit de artistyk lieder fan Arcadia, Sjoerd Bootsma. It projekt is betocht troch Joop Mulder, dy't yn jannewaris ferstoar. "Bosk" moat in earbetean oan Mulder wurde.

Foto: Arcadia
Trefwurden: 
LF2018 kultuer Arcadia bosk
(Advertinsje)
(Advertinsje)