Fuotballers sizze lidmaatskip op nei sneuveljen Regiocup

07 maaie 2021 - 08:12

Fuotbalklups ferlieze leden trochdat der fanwege de coronakrisis gjin wedstriden spile wurde kinne. Dat fernimt de Fryske fuotbalklup VV Balk. Guon spilers wiene der dit seizoen al net mear by, en oaren hâlde der nei de simmer mei op.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie yn Balk

No't de KNVB de stekker út in eventuele Regiocup lutsen hat, is it fuotbalseizoen fan de amateurs foarby foardat it begûn is. Der wie te min tiid om noch in hiel toernoai te spyljen, foardat de simmerfakânsjes begjinne. Traine is no doelleas.

Corona hat de eagen iepene

Coach Jan Bruin fan VV Balk begrypt it wol, dat der no spilers binne dy't der mei ophâlde. "Een doelstelling voor dit seizoen is er niet meer. Die hadden we nog met de Regiocup, al was dat ook al meer voor het plezier"

De coronatiid hat spilers de eagen iepene. Fuotballer Schelte Reitsma stiet takom jier net mear op it fjild. "Ik ha troch corona sjoen hoefolle tiid oft je oerhâlde sûnder fuotbal."

"Ik bin der ek achterkaam dat ik fuotbal net iens sa mis. As je gewoan yn it ritme meigeane, ha je dat net sa yn de gaten. No wol, dus dit is myn lêste seizoen."

Stefan Konst yn aksje op it trainingsfjild fan vv Balk - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ek al is it om neat, op de training giet it der noch altyd om wei. It sporten is by de earsteklassers benammen foar de wille fan it spul, mar it giet wol op it skerpst fan de snede. Om dy reden wurde de wedstriden echt wol mist.

De groep hie noch in lyts sprankje hoop, al hie hast elkenien eins wol ferwachte dat de Regiocup net trochgean koe, seit spiler Ivar Klijnsma. "As sa'n Regiocup no noch úteinsette moat, moatte je ein juny noch seis oant acht wedstriden spylje. Ik wit net hoe realistysk oft dat is. Ik tink dat we al lang bliid wêze moatte as we takom seizoen wer los kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)