Heechste tal sikehûsopnamen yn ien wike sûnt earste golf

07 maaie 2021 - 08:15

It tal Fryske sikehûsopnamen as gefolch fan it coronafirus hat yn in jier tiid net sa heech west as no. Dat blykt út sifers fan it RIVM. It oantal nije coronabesmettingen is yn Fryslân yn de ôfrûne wike wol nei ûnderen gien. It is de tredde wike op rige dat it oantal nije besmettingen omleech gien is.

Foto: ANP

Yn de ôfrûne wike binne der 25 Friezen opnaam yn it sikehûs, as gefolch fan it coronafirus. De lêste kear dat dat der mear wiene, wie mear as in jier lyn, yn de wike fan 27 maart oant en mei 2 april. Doe waarden 43 Friezen opnaam.

It totale oantal nije coronabesmettingen dat yn Fryslân meld is, is no foar de tredde wike op rige leger as yn de wike derfoar. Dizze wike wiene it der 1.177, ferline wike gie it om 1.358 besmettingen.

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Ljouwert: it giet om 231 besmettingen. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 207 besmettingen.

Omrekkene measte besmettingen op Flylân

Omrekkene nei it tal ynwenners sjit de gemeente Flylân der aardich boppeút. Dêr wiene de ôfrûne wike 433 besmettingen op 100.000 ynwenners. It giet dêr yn absolute oantallen lykwols 'mar' om fiif besmettingen.

Mei mear as 250 besmettingen per 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dan jildt it risikonivo 'zeer ernstig'. Dat is fierder yn Fryslân allinnich it gefal yn de gemeente Achtkarspelen. Dêr wiene yn de ôfrûne wike 259 besmettingen op 100.000 ynwenners.

As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 per 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'. Dat jildt foar alle oare Fryske gemeentes, útsein Skiermûntseach. Dêr binne dizze wike gjin coronagefallen fêststeld.

Mear as 40.000 Friezen hawwe corona hân

Mei de 1.177 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 40.079 Friezen it coronafirus fêststeld.

It tal stjergefallen wie mei fjouwer dizze wike yn Fryslân gelyk oan de wike derfoar. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 467. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)