Tal Fryske bedriuwen nimt ta: "Crisis is voor veel mensen een mogelijkheid"

06 maaie 2021 - 22:10

Noch nea wiene der yn Fryslân mear bedriuwen as no: it binne der mear as 70.000. Dat docht bliken út de lêste sifers fan de Keamer fan Keaphannel.

Foto: ANP

"We zagen ook na de crisis van 2008, dat het aantal ondernemers sterker was gestegen vanaf 2008, dan daarvoor", seit Josette Dijkhuizen. Se is heechlearaar Ondernemerschapsontwikkeling.

"Het lijkt erop dat de crisis toch voor veel mensen een mogelijkheid biedt om een bedrijf te beginnen", seit Dijkhuizen. Sy tinkt dat in soad minsken gjin takomst mear sjogge op de arbeidsmerk, en dêrom in bedriuw begjinne.

Online guod

Dijkhuizen sjocht dat it tal bedriuwen yn de detailhannel - ek yn Fryslân in wichtige sektor - bygelyks wat tanaam is, mooglik trochdat minsken online guod ferkeapje.

Mar de grutste sektor yn Fryslân is dy fan de 'saaklike tsjinsten'. It tal starters yn dizze sektor is minder wurden, sjocht de heechlearaar, mar it tal bedriuwen dat der yn dizze sektor mei ophâldt, is ek leger.

Nij aventoer

It mei gjin ferrassing wêze dat der ek binnen de hoareka minder nije bedriuwen bykomme. "Als we specifiek kijken binnen de horeca, dan zien we dat het aantal starters wat is gedaald", seit Dijkhuizen.

Dochs binne der ek no noch altiten minsken dy't in nij bedriuw begjinne yn de hoareka. "Er zijn ook mensen die nu de kans zien, met het lichtend eind van de tunnel van de vaccinatie. Die denken: misschien is dit wel het moment, waarop de terrassen weer open gaan, om net een horecazaak te beginnen."

Stoppe sûnder subsydzje

Dijkhuizen tinkt dat in soad bedriuwen ophâlde sille op it momint dat de stipe fan de oerheid net mear trochgiet. Ek foarsjocht sy dat der in soad ferskowe sil yn de sektoaren sels. "Van nieuwe type bedrijvigheid tot nieuwe inschrijvingen. Maar er zijn tegelijk ook heel veel type bedrijven binnen subsectoren die verdwijnen of waarin het aantal ondernemers minder gaat zijn. Ik denk dat dat binnen alle sectoren zo is. In Fryslân, maar ook in heel Nederland."

Heechlearaar Josette Dijkhuizen oer it tal bedriuwen yn Fryslân yn coronatiid

(Advertinsje)
(Advertinsje)