Gemeente Ljouwert troch it stof: pont by Wyns bliuwt yn de feart

In grutte tebeksetter foar in ytkafee yn Wyns, liket yn 24 oeren tiid wer oplost. Troch wurksumheden soe 'Kafee de Winze' yn it lytse doarpke boppe Ljouwert it de kommende tiid sûnder in grut diel fan harren klanten dwaan moatte. Oarsaak: in pontsje wat út de feart helle wurdt.
Sjoch hjir nei in reportaazje oer de saak fan de fytspont
Kearn fan it hiele probleem is de gemeentegrins tusken Ljouwert en Tytsjerksteradiel. It ytkafee en de pont lizze yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It fytspaad dêr't oan wurke wurdt leit yn de gemeente Ljouwert.
No docht bliken dat de gemeente Ljouwert in flater makke hat. "De communicatie was een beetje onhandig. Het pontje kan gewoon varen en ook het pad aan onze kant wordt de komende maand helemaal niet gestremd. Terwijl die aanname er was omdat die borden qua tekst wat onhandig waren opgesteld", seit wurdfierder Johan de Jong fan de gemeente.
Ek yn it radioprogramma Weistra op Wei gie it oer de kwestje