Pleatslike hagelbui feroaret Wâldwei by Garyp yn iisbaan: ferskate auto's fan de dyk

Op de Wâldwei (N31) by Garyp binne tongersdeitejûn ferskate auto's fan de dyk rekke. De dyk feroare yn inkelde minuten troch in pleatslike hagelbui yn in iisbaan. De plysje ropt autobestjoerders op harren snelheid oan te passen.
Under mear in bestelbus rekke swier skansearre. Oft der minsken ferwûne rekke binne by de ûngelokken is net bekend.
Op in paralleldyk kaam in auto yn botsing mei in beam. De bestjoerder fan dy auto rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht.